top of page

Wês dysels

Wês dysels

wêrom docht in minske

soms sa’n war

om in oar te wêzen

dit kostet bergen enerzjy

en om dysels te wêzen

der hoechst no krekt

neat foar te dwaan

wêrom moaier

foardwaan

as datst bist

eins binne

dit mar rare fratsen

dit hâldt gjin minske fol

boppedat hast yn ’t echt

ek mear te jaan

wy bûge ús yn

ferskate bochten, prate

wer’t we swije moatte

om in oar en ússels

wat wiis te meitsjen

in teater fol fasaden

wêryn elk syn eigen

rol fertolket

smyt it masker ôf

en lit it pânser falle

ek al fielt dat earst

wat neaken en ûntdien

geastlike frijheid

is foar elkenien

bottom of page