Nêstrituelen
Dêr barde yn earste ynstânsje eins net iens safolle op it nêst. It hie mear wei fan sneinsrêst.
Mar ynienen waard it mantsje wat ûnrêstich. Earst makke hy noch even in kuierke troch de drek, mar doe sloech hy syn wjukken út om even fierderop wer del te striken. Der wie hy drok yn petear mei in oare earrebarre. Miskien dat der wat spul mei de buorfrou hie of op oare wize syn sin net krije koe.
Hoe dan ek, hy gie ‘onverrichter zake’ wer nei Hûs. Syn frou hie har yn die tuskentiid al wakker behimmele.
Mei in needgong skeat hy by ús lâns as wie der bang dat hy te let foar it waarme miel komme soe.
Mar doe’t hy de lâning ynsette wie al gau dúdlik dat der oare hûnger yn it spul wie.