Gedichten
Myn hert is as in pompeblêd
wylst de wolken
útgûle
en harren net skamje
foar de triennen
dy’t mei weemoed
de simmer fuort skrieme
fiel ik myn hert
iepen gean
foar alle seizoenen
yn ús Heitelân
jawis
myn hert
is as in pompeblêd
ien mei Fryske Grûn
©Hinke S. Veenstra
Drachten
Flinterknippe
flinterje mei it libben
flinterje mei muzyk
flinterje mei de tiid
flinterje mei juster
flinterje mei hjoed
flinterje mei
in knypeach
nei moarn
Hinke S. Veenstra
Drachten
Fryske Blues
sûnder smokerij
of sterke drank
dûnsje ik
mei hiel myn lea
fanút myn Soul
myn eigen
Fryske Blues
©Hinke S. Veenstra
Drachten
Treppot-memke
wat wie dat dochs gewoan
gau út skoalle wei nei hûs
wêr mem al siet te wachtsjen
mei de treppot op ‘e tafel
in stik koeke of moalkoekje
makke it kompleet
mar dêr oan it plusen kleed
wie mem har lústerjend ear
fan grutste we
Hinke S. Veenstra
Drachten