Utjeften

Yn april 2015 is myn debútbondel LANG OM LET útkaam. In bondel mei Fryske gedichten en foto’s dy ’t út myn eigen argiven komme.

Omdat myn bondel yn koarte tiid útferkocht wie soe ik fia in yntekenlist eventueel noch in nije útjefte drukke litte kinne. Mar ik moat dan earst wol wis wêze dat der genôch animo foar is.

Ik soe sizze...lit it my mar witte !!

Op dit stuit binne der alwer nije plannen om it ien en oar foarm te jaan, mar dat mei noch even goed rypje foardat ik dermei nei bûten kom.