OER MY
'Ik fiel my
sterk ferbûn mei klank,
kleur en foarm'
Gjin doarbel, gjin foarportaal... wês wolkom en fiel dy frij om hjir even rêstich rûn te strúnen en eventueel in berjochtsje achter te litten.
Hjir jou ik in lytse rûnlieding troch myn libben wêtroch der in byld ûntstiet wa't ik bin en wêrom ik ta it beslút kaam om hjir myn firtuele (diel) hûske te bouwen.
Myn widze stie yn ‘e wâlden, om presiis te wêzen yn Garyp. Ik bin opgroeid yn in muzikaal en kreatyf gesin en der ha wy as bern alle fjouwer in genetysk siedsje fan meipikt en op eigen wize ta bloei brocht.
Yn myn libben spylje klank, kleur en foarm in grutte rol. Myn foarkar giet út om mei bylden te wurkjen, dan folgje de wurden faaks fansels. Dit kin útrûnje ta in gedicht of sjongtekst en soms sit der ek noch in koart ferhaal yn, Dit mei in knypeach nei hjoed of juster.
Ek bin ik sûnt myn 13e al mei de fotokamera op sjou. Yn myn puberjierren wie dat allinnich mar omraak portretsjes sjitte, mar stadichoan kaam der mear ynteresse foar oare ûnderwerpen en alles wat my fierder op myn paad wist te reitsjen en - measttiids wer in ferhaaltsje opleveret.
Want neist fotografearen gryp ik ek graach nei de pinne om myn tinzen of petearen fêst te lizzen. Eartiids koe ik genietsje fan de opstelopdrachten op skoalle en ik tink dat dat opstelfamke al dy jierren gesellich mei my opreizge is. De ferwûndering fan it bern yn my is ek suver noch krekt like grut, wêrtroch dit sa moai hân yn hân giet. Sûnt 2007 haw ik de Hollânske taal by ‘t skriuwen foar in grut part ynruile foar myn memmetaal dy’t my o sa dierber wurden is. Dit yn stil kontrast mei de jierren fan ferset tsjin Ús Taal doe’t ús heit dit sa graach útdroech yn syn wurden en gedichten.
Yn de rin fan de jierren haw ik workshops en kursussen folge op it mêd fan skriuwen en skilderjen, mar bliuw mysels in autodidakt nimmen omdat myn eigen blaudruk dochs it measte werom te finen is yn wat ik sa al delset. Lyk as tidens it skilderjen fan myn abstrakte wurken, wêryn ik in soad fan mysels kwyt kin. Men soe sizze kinne dat ik yn alle kreative úteringen gefoelsmjittich te wurk gean en my liede lit troch myn yntuysje. Mar ek myn sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’ bliuwt hjiryn in reade tried.
‘Dielminske’
Yn prinsipe bin ik net sa wei fan labeltsje of etiketsjes, mar dochs doar ik mysels in Dielminske te nimmen omdat ik graach bylden en gebeurtenissen mei oare minsken diel. Eins: ik diel mominten, yn byld of yn wurd. Soms wurkje ik mei Tema’s en hoopje stikem dêrmei in brechje te slaan nei minsken dy’t dit werkenne of dat ik minsken even troch in oare bril sjen lit. Boppedat bin ik bliid dat ik foar myn bern yn dat opsicht in trochjoulûk wêze mocht en hja beide harren foardiel dêr mei dogge en der lyk as my in soad wille oan belibje.