top of page

Skilderjen

Doe't ik yn 1992 tafallich yn oanrekking kaam mei pastelkryt koe ik net betinke hoe at dit jierren letter yn de foarm komme soe.

Yn 2008/2009 ha ik nammentlik in kleurenoplieding folge mei ûnder oaren de psychologyske wurking fan kleur wer't in soad hûswurkopdrachten by sieten wer at by tekene en skildere waard, Ik krige de smaak te pakken om dêr mear mei te dwaan. Al gau wie my dúdlik hokker styl my it beste lei. Sa ha ik my sûnt dy tiid dan ek mei ynmoed stoart op abstrakte wurken wêrby as materiaal akrylferve en sêft pastelkryt myn favoryt binne.

De lêste jierrren leit dit even stil omdat skriuwen en fotografy wat mear op de foargrûn kaam binne. Mar it soe samar kinne dat der hjoed of moarn wer in lokrop komt om efter de skilderezel myn gefoel te ferwurdzjen.

 

Hjirûnder in lytse ympresje fan wat ik sûnt dy tiid makke ha.

 

DSC_0053
DSC_0051 (2)
DSC_0044 (2)
neat mear te jean
DSC_0059 (2)
lang om let voorkant
DSC_0042
IMG_3640
S6300017
Zelfportret april 2009
Mijn Picasso
Religie & Mystiek...
S6305200
Werkstuk Comhla...05-02-2009
bottom of page