Lietteksten
Rare Fûgel
ik bin in rare fûgel
ja bêst in bytsje frjemd
mar minsken wês net bang
ik ha gjin kwea yn’t sin
de ien dy is wat skruten
de oar foar nimmen bang
mar der binne ek genôch
dy binne deagewoan
en ik...
ik kin my eins yn alles fine
al stiet myn pet ek wolris oars
ik bin net altyd op it honk
mar gean der graach op út
op syk nei wille en fertier
ja wier, sa krij ik myn gerak
in rôze bril dat is it net
swart wyt is my ek frjemd
in grize mûs sil ik net wurde
dêrfoar sjoch’k tefolle kleur
©Hinke S. Veenstra
Begearlik Frommes
kinst do my net ferstean
of wolst net nei my harkje
ik wol dy inkel sizze
dat ik smoargek op dy bin
dat hiele lytse famke
dat famke fan eartiids
is no in leaf moai frommes
der ik dei en nacht oan tink
kinst do my net ferstean
of wolst net nei my harkje
ik wol dy inkel sizze
dat ik smoargek op dy bin
de flinders in myn liif
komme ’s nachts ta libben
want yn myn dreamen
bist efkes sa tichtby
mar ik kin no wol janke
datsto net nei my harkest
ik wol dy inkeld sizze
dat ik sa fan dy hâld
©Hinke S. Veenstra