top of page

TEKST

Myn gedichten binne min of mear ûntstien troch it Opstelfamke dat eartiids sa graach har aventoeren beskreau. Hja is altyd mei my oprinnen bleaun. Noch altyd wit se my thús en ûnderweis te wizen op de lytse dingen. Wat my oanbelanget mei sy my ek yn de takomst oan de mouwe lûken bliuwe at ik de oanstriid ha om dêr oan foarby te gean. Mar der binne ek oare mominten; dan krije myn tinzen in wat folwoeksener jaske mei wat mear djipgong. Foar my is skriuwen derom in moaie manier om deryn de balâns te finen.

 

Fan myn lietteksten binne der in pear op muzyk set en ek wol gauris op Omrop Fryslân te hearren. In foarbyld is Begearlik Frommes, útfierd troch de Fryske Bluesband Healers en Rare Fûgel, song troch Jehannes Kats Veenstra.

 

Dizze ferwizing jout tagong ta mear ynformaasje oer myn gedichten. Mear witte oer myn lietteksten? dan kin dat fia dizze ferwizing.

 

Yn de maitiid fan 2015 is myn debútbondel mei gedichten útkaam wêryn ik tekst en byld kombinearje.Lês hjir mear oer myn bondel LANG OM LET.

 

bottom of page