

Hjoed....04-02-26
It wie mienens... gjin Glêde praatsjes. De waargoaden sprutsen dúdlike taal. #KoadeRead Guon minsken giene op harren redens op in sjippeglêde dyk nei harren wurk, mar ek jeugd bûn de redens ûnder. Doe't ik in sliepkeamersrút iepene om de dei syn frisse azem nei binnen te blaze litten, seach ik twa famkes boartsjendewei genietsjen fan dizze glisterige skoalfrije dei.