Hjoed...
In Eintsje op wei...
It is fan alle tiden dat minsken ûnderweis binne. Is net yn ús tinzen wer at wy soms grutte ôfstannen ôflizze, dan wol te foet of mei in praktysk- of riant ferfiermiddel.
Myn doel wie eins om jim hjoed firtueel in bytsje mei op reis te nimmen. In soarte fan yntroduksjereiske op myn website dy't krekt it deiljocht sjoen hat.
Neist in stikje oer myn passy's is der ek in fotogalery wer at jim alhiel yn eigen tempo bylâns kuiere kinne.
Foar my persoanlik roppe al myn foto's in bepaalde sfear op dy't ferbûn is mei it momint dat ik de foto makke. Sintúchlik soe ik sizze kinne "yn geuren en kleuren belibje ik it op 'e nij"
Mar jim meie der blanko nei sjen, of it moat wêze dat bepaalde foto's ek by jim in bepaald oantinken nei boppe helje.
Measttiids lûk ik der mei myn fotokamera allinnich op út. Ik ha dan faaks it measte fertier omdat ik dan hiel tichteby mysels bliuw. Mar ik tink dat der ek genôch binne dy't der net rouwich om binne dat se net mei my op in paad binne.
Om 'e haverklap ha ik wol wer wat sjoen wat myn oandacht lûkt of wat foar my in fotomomint is.
Myn heit en mem harren wize fan 'reizgjen' kaam ek net altyd oerien, mar ek hja fûnen dêr har eigen oplossing foar.
Dêrom moast ik ek even gnize doe't ik dizze Ein flakby myn bertegrûn op de Wâldwei seach...
It wie yn de jierren tachtich doe't ús mem in lytse mar smoute karavan yn Gaasterlân op 'e kop tikke.
In knalread ynfâldich dinkje dy't him net minder fielde tusken syn grutte Bruorren en Susters op 'e kamping.
Us mem woe der fansels sa faak mooglik hinne en fûn it eins mar neat dat se der winterdeis net hinne koe en har wer deljaan moast yn Drachten.
Sa gau at de maitiid him sjen liet wurde de wykeintas fan souder helle. Us heit hie hjir oanmerklik minder mei. Hy woe ha der mei alle leafde hinnebringe mar praktisearre der net oer om foar de simmertiid yn kâlde 'Blikkie Blak' te oernachtsjen.
At hy ús mem dan te plak brocht hie tufte hy wer tefreden yn syn -sigerige- reade Einepyk nei hûs mei in tekkentsje oer de knibbels en oan ien hân in learen glacé om it stjoer fêst te hâlden.
No bin ik krekt sa'n kâldklommer as ús heit en doe't ik lêsten op myn e-bike nei hûs ta fleach frege ik my ôf hoe't it lykje soe at ik ek in kleedsje oer de knibbels smite soe op de dagen dat it my eins krekt wat te kâld om 'e poepert is mar ik de lokrop om der mei de fyts op út te gean net wjerstean kin...