Sfearbelibbing
Ek al moat ik kwa fotokwaliteit ynleverje at myn 'grutte' kamera om praktyske redenen even thúsbliuwe moat en ik der mei myn kompaktkamera of IPad der op út lûk...faaks kin ik op die manier likegoed wol in stikje sfearbelibbing fêstlizze. En soms kin ik it net litte om der dan letter even in kollaazje of sokssawat fan te meitsjen !! :-)
Op 'e tiid skip ik de heale hannel wer om plak te meitsjen foar nije printsjes.
Ik sis fansels net foar neat 'heale hannel' ...ik fyn it gewoan sûnde om alles fuort te smiten.
In gedielte komt nei de skiftseleksje yn myn argyfmapkes. En sa kaam ik op it idee om tenei ek ris wat fan dit soarte foto-opnamen op myn site te dielen.
Hjir alfêst in foarpriuwke mei ferskate tema's en in bypassend gedicht wat ik foarich alris skreaun ha.
Myn tredde each
sûnder wat te sizzen
is’t my wol dúdlik
watsto fan my wolst
do wolst mei my op in paad,
der fan útgeande
datsto al myn oandacht krijst
nei jierren trouwe freonskip
is dit foar ús beide
sa fanselssprekkend
bist suver wat rekke at ik sis
“Nee, hjoed net!!”
teloarsteld sjochst my oan
as wie’t in persoanlike ôfwizing
at ik de doar út sil
wolst my opeaskje as in bern
mar ik set troch
ik wol my net langer
alhiel ôfhinklik opstelle fan dy
myn fysike each doch ik oars tekoart
ik wol perfoarst gjin kokerslûk krije
wêrtroch de hoarizon my finaal ûntgiet
do bliuwst myn maatsje yn waar en wyn
mar in bytsje minder close is net ferkeard
dus fotokamera, jou do dy no mar even del
hjoed of moarn geane we der grif wer
even tegearre op út
©Hinke S. Veenstra