It bern yn my

It bern yn my

in bern begrypt

de grutte minsken

net altyd...

hjoed mei alles

moarn mei neat

al geandewei

siket it syn grinzen

tusken goed en kwea

somtiden stroffeljend

mar út leafde

opheind

en dan

wer fierder

dizze waarme tekken

komt yn ’t libben

yn tsjustere en

kâlde tiden

goed fan pas

it bern yn my

wol soms

noch net

altyd omlyk

it siket troch

om hâldfêst

mar wy begripe

mekoar hieltyd

better

en slute op ‘e tiid

in goed kompromis

©Hinke S. Veenstra