top of page

Bananen en Klabatsen

It oerkomt my net alle dagen dat my al fytsend in banaan oanrikt wurdt troch in winkelman yn in Bananenkostuum dy’t midden op it fytspaad as in stuntman op dizze wize reklame foar syn Toko makket.

Foar my fytste woansdei in diedeltsje mei har skoaltas foar yn de koer oan it stjoer. Har wurde earst in banaan oanrikt en ik krige dêrnei ien fan de Bananenman.

Oant Nyegea fytste ik achter dit skoalfamke. Ik seach hoe at se mei har mobyl de banaan yn har koer filme. Doe noch in pear selfkes der achteroan en dêrnei wurde de skyl fan it giele stik fruit helle en opiten.

Mei stille wille ha ik dit alles folge, mar doe ha ik de sokken der mar ynset en har ynhelle. Har húswurk koe miskien noch wol even wachtsje, mar ik woe graach noch wat kilometers meitsje. Ik bin doe linksom fia Aldegea nei Earnewâld fytst.

Earder dit jier wienen troch wurksumheden net alle strjitten yn it hiele doarpke goed berikber. Dat ha ik no efkes goedmakke.

Mar ik wie fêstberet nei it wetter te gean. Ferlet nei de meditative wurking dy ‘t faaks ûntstiet by it sjen en hearren fan de dûnsjende weagen.

Dat is dûbel en dwers slagge kin ik sizze.

Ik rekke ek noch even oan de praat mei in echtpear út België dy’t in pear dagen mei harren twa hûntsjes yn de fytskarre troch Fryslân toerden. Dit wie in jierdeikadoo foar har man.

Se hienen it goed nei harren sin, mar dochs koe de frou de teloarstelling net alhiel ûnderdrukke dat it har wat ôffoel dat de hûntsjes net oeral wolkom wienen at it op oernachtsjen oankaam.

Ik hoegde eins net safolle te sizzen. Se prate harsels moed yn troch, suchtsjend, oan it ein fan sawat elke sin te sizzen “Jaaaa, het is wat het is he?!”

Soe wêze kinne dat har man noch mear teloarsteld wie, mar him koe ik amper ferstean dus knikte en skodholle ik op goed gelok. Mar oan syn lichemstaal te merken gie dizze Fryske trip him wat better ôf!

Op de weromreis bin ik fia Garyp earst by ús heit syn grêf west om myn tinzen even yn in stil petear gear te fetsjen, mar seach ridlik gau dat ik de oare kear even in bjinderke meinimme moat om ús heit syn betinkstientsje wer moai kreas yn it deiljocht te setten.

Doe noch even lâns de hûzen fytst wer at in wichtich stikje libben fan my leit en sa oer de Gariperheide wer rjochting Drachten. Mar dêr krige ik opnij in prater wylst ik de klabatsen op de foto sette. Dizze mynhear sette de fyts oan de kant om der in pear te keapjen. Hy wist my oertsjûgjend te fertelen hoe lekker se wol net binne. Mar ús gesprek krige ynienen sa‘n spontane kear dat de klabatsen even út it sicht wienen. Blykt dizze aardige passant in oantal jierren skoalmaster west te ha op De Feanhoop.

No ja...fan praat komt praat en no blykt dat in Bandlid fan (eks)HEALERS eartiids by him yn de klasse sitten hat. En wa at my in bytsje kin sjocht no net frjemd op at ik sis dat dizze master net ôfset is neidat ik him de tip jûn ha om op YouTube dochs foaral ris te harkjen nei ‘De Feanhoop Opnij Besocht’

bottom of page