Flinterknippe

Flinterknippe

flinterje mei it libben

flinterje mei muzyk

flinterje mei de tiid

flinterje mei juster

flinterje mei hjoed

flinterje mei

in knypeach

nei moarn

*Bygeande foto's ha ik makke op it SamSam festival op himelfeartsdei 2017 Park Vijversburg

yn Tytsjerk