Oan it ket
Doe't wy lêsten lâns in stêdsgrêft fytsten sei ik 'O, wachtsje even. Hjir kin ik wier net oan foarbygean.
Dit ropt om my en myn kamera'
Want dêr stienen se...swijend neist mekoar en sawat yn itselde kleur jaske stutsen.
Sûnder dat se miskien ea wat mei mekoar te meitsjen hân ha en de skiednis sa ferskillend wêze kin no net mear as lotgenoaten dy't de frijheid ûntnaam is.
Rang of status net langer oan 'e oarder. Baldadigens of 'fout parkearen' mei fatale ôfrin, stik foar stik wachte harren itselde lot.
Wat koe ik mear dwaan as noch even in groepsfoto te meitsjen en yn myn holle in senario rinne litte oer de eigners fan dizze twatsjillers dy't miskien noch altyd hoopje op harren weromkear....