top of page

Reizgers

Ik lit my graach ferrasse troch wa- of wat ik ûnderweis foar de kamera krij. Sa kin in stillibben samar ynienen feroarje yn portretfotografy omdat ik yn petear reitsje mei in tafallige passant.

ûnder dizze taheakke foto's in pear Deifragminten:

Sa wie der foarige wike de man op leeftyd dy’t him de lêste tiid hieltyd mear realisearre dat er fan himsels eins net folle foto’s binne omdat hy as fotograaf yn de measte gefallen sels de kamera hantearret.

Mar sûnt koart wit hy syn skoandochter ek te motivearjen en sadwaande ha se tegearre al op in paad west om saneamde ‘kistfoto’s’ te meitsjen. Yn syn eagen sit dé foto der noch net by dy’t geskikt is om letter te brûken foar roukaart of tsjinst.

Mei in knypeach liet hy witte dat hy de kâns fan slagjen wol grut acht wêrtroch op ‘e tiid de juste foto der útrollet.

En nim no snein...neidat wy in moai skoftsje lâns de wetterkant nei de boatsjeminsken en de prachtige, mar drigende loften fanôf in bankje sitten hienen te sjen kaam ynienen de winsk wer boppe omris by it spoar te fotografearen.

Wylst ik de fokus lei op it Linespul boppe it spoar kaam de frou nei my ta. Hja wie in freonlike rappe prater dy’t my yn koarte tiid har libben yn fûgelflecht fertelde. Ik hoegde eins neat te sizzen. Sa no en dan in bemoedigjend knikje folstie. ...se hie blykber oan myn lústerjend ear genôch.

Wierskynlik hie se dit ferhaal al hûnderten kearen ferteld...mar at je ‘kind noch kraai’ ha fyn ik dat net sa ferwûnderlik.

In keunstsinnige frou mei as grutste hobby fotografy. In kompjûter hat se net. Út de jasbûse kaam in restantsje poatlead te foarskyn en út in oare bûse wie der noch wol in stikje papier om namme en adres op te skriuwen.

Ik soe my foarstelle kinne dat oare reizgers tocht ha dat ik in famyljelid stie út te swaaien.

Mar binne wy eins net allegearre reizgers dy’t sa no en dan in Tuskenstop meitsje om ús ferhaal te dwaan sûnder fierdere konsekwinsjes of ferwachtingen?....

bottom of page