top of page

De Opera

De Faam de Baas Hjoed... De Slotsêne

Sa'n trije wiken lyn frege se my at ik nocht hie om mei te gean nei in opera. De tickets en it ferfier wiene regele. Ik moast der even oer neitinke, want yn earste ynstânsje stie ik net echt te popeljen. De gedachten oan ús heit syn leafde foar opera en operette kamen as sjongende duveltsjes út in doaske. Ik hie myn opera-part eartiids wol krigen fûn ik sa. Mar dochs naam ik it beslút der nochris rêstich oer nei te tinken. In healoerke letter wie ik al út de rie. Ik soe mei !! Net allinnich om Froukje in plezier te dwaan, mar ek om mysels de kâns te jaan om it mei de hjoeddeistige Blik te belibjen. En sa waarden wy fan 'e middei, beide yn 'e pronk, mei it taksyferfier nei de grutte stêd brocht foar de premiêre fan De Faam de Baas. De Koepeltsjerke wer at ik ea faak mei de bern lâns kuiere doe't wy der yn 'e buert wennen en no omtovere is ta in prachtich moai en útnoegjend Teater mei de tapaslike namme Koepeltheater. Wy wienen moai op tiid om oan te slúten by de rige dy't ek graach de premiêre bywenje woenen. Froukje hie al in moai plakje op it each...it wurde de (hurde) tsjerkebank. En o, wat kin je dan bliid wêze mei in stola dy't wy rap ûnder ús beider sitfleis skood ha. Spitich wie it dat der fan de tekst net alles mei te krijen wie. Yn de pauze krigen we dat fan mear kanten te hearren. De muzikale omlisting wie prachtich. Moaie lichte klassike klanken fan Pergolesi dy't by my fleurich binnenkamen. Foar alle trije spilers myn respekt, ek al fûn ik persoanlik it twadde part sterker en kaam 'Bokke' doe noch better ta syn rjocht wat it ek wol ekstra komysk makke. Elizabeth Kooy song en spile de stjerren fan de himel. Wat in talint... Wy sieten nei de slotsêne te sjen. Ik moast laitsje en draaide my om nei Froukje om te sjen at hja it ek noch wol nei it sin hie en skrok. Hja siet mei de eagen healticht wat ôfwêzich neist my. Even tocht ik dat se yn sliep falle soe. Ik wist dat se wurch wie, mar dochs siet it my net lekker en frege wat der wie....Nee, se wie yndied net lekker, eins de hiele wike al net. Ik stie yn twastriid om der mei har út te gean, mar moast wol donders goed ynskatte wat ik dwaan moast.

It wie net myn bedoeling de slotsêne mei 'loos alarm' te ûnderbrekken. Earlik sein koe ik net wachtsje oant elkenien it poadium ferlitten hie. Ik luts har nei my ta..se wie kâld en klam ....ik spruts wat kalmearjende wurden en frege oare minsken at se in gleske wetter helje woenen. De direkteur Tietsia Rollema (dochter fan skilder Ids Wiersma) fan it Koepeltheater waard der byhelle en lei kessens op de grûn om te foarkommen dat Froukje net hielendal fan de wrâld rekke. Se krige wer wat praatsjes en sei "Moat ik der op de grûn lizze?" wêrop ik sei...."Nee hear....wy bringe jo nei de kanapee dy't no dochs rinteleas op it poadium stiet" Tusken ús yn ha wy har yn 'De Spotlghits' krigen. Ik hie pipermuntsjes by my en Tietsia helle in glês ranja foar har. En sa wurde se bytsje by bytsje wer wat minske en doe't haadrolspiler Elizabeth ek noch even lâns kaam krige ik fan Froukje de ynstruksje om wat foto's fan harren te meitsjen. Ik krige hjiryn Grien Ljocht fan Elizabeth. En sa hie ik dus twa froulike haadrolspilers op de foto. De taksy moast noch even lâns in âlderenhûs om in mefrou op te heljen dy't de hinnereis ek meiriden wie. Ja, se hie it prachtich hân by har sus. "Tja...wat wil je, twee oude taarten van ver in de tachtig die een middagje bijkletsen" Ik koe it net litte en sei wat my spontaan foarop de tonge lei "O, maar dan was gebak overbodig. Twee oude taarten lijken me namelijk Maagvullend genoeg" Se skattere it út fan it laitsjen en wy, ynklusyf de sjauffeur, dienen moai mei wêrtroch de sfear krekt even oars fan toan waard. De sjauffeur en ik hienen goed ôfsprutsen dat ik drekt oan de bel lûke soe at ik it net fertroude, mar der hoegde ik lokkich gjin gebrûk fan te meitsjen. Ienris yn Drachten ha ik Froukje oerdroegen oan in ferpleger dy't al ynseind wie troch in meiwurkster fan it Koepeltheater. Wat hie ik by thúskomst no graach even de tillefoan pakt en ús heit myn ferhaal dien oer dizze Opera en dan it petear ôfslúten mei de wurden "Ja heit....De Dochter de Baas" *Froukje is in gefingeerde namme yn dit wier barde ferhaal. Fandêr dat ik fierder ek gjin persoanlike (kanapee)foto's post. 😎

bottom of page