Alarmbellen
Hjoed... It is al in moai skoft lyn dat ik echt te Sjoppen west ha. De reklamefolders ferdwine measttiids drekt rjochting âld papier, mar mei it each op nije Stappers ha ik dochs earst mar even de boel trochnaam. De oanbiedingen makken dat ik mar net te lang drale moast, want kapers op de kust moasten my net in slach foar wêze. Ik gean dan ek it leafst allinnich...kin ik moai de tiid nimme om mei mysels yn konklaaf te gean at de ferlieding ta Spytoankeapen op de loer leit. Dat wie hjoed ek even oan de oarder....hiel even ha ik de moaie westernlearskes as myn takomstich besit sjoen...mar wylst ik troch de winkel oan it paradearen wie mei dizze moaie boots spruts geweten en de Wize Frou yn my. 'Ik kaam dochs om kuierboots....even haad- en bysaken skiedde Veenstra' En der lei ek gjin útnoeging foar in Reade Loper op de doarmatte. En doe fûn ik de stappers dy't my kwa kleur en priis wol wat taliken. Dit wurde yndied beleane ...in hearlike pasfoarm en nochris 30% prosint koarting. Doe woe ik ek noch wol even yn in pear oare winkels sjen wer at de 75% koartingsboerden in magyske útwurking op my hiene. Dochs earst mar even nei Holland & Barret (De Tuinen)wer at myn tee weikomme moast. Mar der hoegde ik mysels net oan de kundigjen, want de Alarmbellen wiene my al foar. Lokkich kenne de froulju my dêr wol goed, dus koene wy mei humor op syk nei de kweadogger. Nee, it siet net yn myn mp-trije of de earkes. Ek net yn myn tas...of jas. Jakkes...ik hie noch trije winkels tegean en gjin nocht om earst wer nei hûs te gean. Ynienen moast ik tinke oan myn jas wêryn it labeltsje nei trije jier himsels ek alris opladen hie wêrtroch it alarm ôfgie yn in winkel. Mar myn spikerbroek wie noch ridlik nij wer at ik juster noch it waskfoarskrift útknipt hie. Ik nei restaurant De Waag om der om in skjirre te freegjen om dermei yn de wc te ferdwinen op syk nei it eventuele labeltsje. Ropt ien fan de famkes út de betsjinning my ek noch nei dat ik ek nei it label yn myn ûnderbroek sjen moast...en nee dat wie gjin grapke. En der siet ik dan as Sherlock Holmes op it krappe húske. Mar ik hie him rap fûn yn myn spikerbroek...de frou dy't nei my kaam hat my al even ferheard oan sjoen doe't ik mei it knipwapen yn de oanslach nei bûten kaam. Om gjin ûnrêst te saaien dochs mear even taljochte oer it hoe en werom en my even deljûn op it terras by De Waag wer at leafdesfertriet en oare (earnstige) flarden fan petearen boppe de geur fan myn cappuccino útkamen. Sa moai dat je der as taskôger neat mei hoege te dwaan. Myn miening die der net ta...ik woe wer fierder...myn skiifke wist ommers noch fan dy 75% koarting. It rûn al aardich tsjin seizen en ik woe myn fyts net oernachtsje litte yn de stalling en nei hûs rinne. Dus gau even lâns de rekken ...en doe mei ienige praktyske twifels dochs de jas mei gatten kocht en dat ferhipte leuke taske dat no mar in tientsje koste sadat fan de fersliten fersy no echt wolris ôfskie naam wurde mei. En jawis...hoe soe it ek oars...bliid en tefreden ferliet ik de winkel. Noch freonlik Dach sizzend mei "Fijne jûn"...en doe gie it Alarm. De eigeneresse wist drekt wer at it euvel siet en dat kloppe...se wie ferjitten it label út myn nije taske te heljen. Omdat ik wist dat de fytsestalling (noch) net oer in poartsje beskikt hat de Alarm-stress fierder gjin woartel sketten...
@Hinke S. Veenstra