top of page

Hjoed...

Dield Liederskip

Neidat ik krapoan 1300 kilometer allinnich ôflein ha op myn scooter, hjoed foar it earst mei in freon te toeren. It earste ein ha ik my as Lieder opsmiten. Fanôf Wynjewâlde ha wy it Liederskip mar wat ôfwiksele. Moai binnentroch oer de Moskouwei nei Donkerbroek. Nei de pittstop op in terras mei kofje en Sinne noch even in petearke mei it echtpear wêrfan de frou in Italiaanske motor hie en doe binne wy relaxed trochriden nei Waskemeer. Fan dêrút rjochting Bakkefean en Wynjewâlde wer at wy noch oanstutsen ha by freonen fan Jan. Al gaueftich tocht ik "Ferhip, ik ken dy man" Ach, jawis...even trochprate en wy wiene der út. Ik ha Sip Visser, eigner fan B&B HAUDMARE yn syn hoedanigheid as muzikant wol meimakke yn Hopper, mar ek mei syn Band ...Frilly Fish op in feestje fan freonen. Ha ek wol foto's fan harren makke dy't ik grif opslein ha yn it Argyf. En sa sieten wy der fan 'e middei gesellich yn de âlde skoaltún te babbeljen oer Muzyk en Sokssawat. Foardat wy elk wer op eigen Honk oan skooterden ha Jan en ik yn Oerterp op in terraske noch in broadsje nuttige.... 

bottom of page