top of page

Hjoed...

Hjoed... Krûdige hjerstdei Neidat wy fan 'e middei de boadskippen yn 'e hûs hiene en it hûs op oarder wie hat JB foar my earst even it scootertankje noch wat extra peut jûn foardat hy op de fyts syn kringlooprûntsje makke. En ik...Ik hie foar mysels in nije rûte yn gedachten. Ik bin nammentlik nei Bûtenpost riden om dêr yn de Botanische Tuin De Kruidhof wat om te skarreljen en foto's te meitsjen. Op it terras rekke ik gesellich oan de praat mei in aardich frommeske dy't der mei har puberdochter wie. Wy ha even fan alles wat by de kop hân, sa ek har (motor) lessen fan eartiids. Allinnich wie sy tidens it eksamen mei motor en al ûnderút gien omdat ien har gjin foarrang ferliende. Lokkich wol in happy ending story. En sa wie it al gau tiid dat de doarren fan dit Daalders plakje op slot gienen. Op de weromreis opnij genoaten fan dit moaie ritsje. Foaral it Wijdse lânskip tusken Bûtenpost en Surhuzum. Mei it hier rjocht op de holle en it sintsje op 'e lea wie it foar my in Trigger om blier sjongjend myn wei te ferfolgjen. En doe hie ik de moaie poddestuollen noch net iens sjoen. Ja....faaks kom ik wer op it Honk mei ferskate Praatsjes & Plaatsjes. 

bottom of page