top of page

Hjoed...

Hjoed... Fan feestje nei feestje Fan 'e moarn binne wy earst nei Snits gien om de jierdei fan skoandochter te fieren. Yn totaal wienen der ek sa'n njoggen berntsjes dy't fan it iene yn it oare boatertema rôlen. Prachtich om der tsjūge fan te wêzen hoe at se as beukers al ûnderhannelje kinne. Wy ha de lekkere en sûne luns net oan ús noas foarbygean litten, mar doe wie der dan echt de behoefte om noch even tegearre oan de kuier te gean. Dizze kear marris gjin Terherne, mar koers rjochting Langwar wat wy al wat jierren Links lizzen litten hienen. Terplekke ha wy besletten dat wy hjir ris faker sjen sille... Foardat wy in hiel skoft by de haven sitten ha binne wy earst in boekwinkel yndoken. Wat in prachtich pand tjokfol twaddehans boeken. Wy wisten beide net wer at we de fokus earst of lêst lizze moasten. De eigner syn roots lizze yn it Westen mar stiet hjir no al tweintich jier yn syn eigen boekentoko. Hy wie ús relaxed ta stipe doe't ik frege nei bepaalde boeken en naam alle tiid foar in praatsje. Sa fertelde hy op boeiende wize oer syn jierren yn it ûnderwiis en dat dit in moaie oanslútende switch is. Dat lêste wie my mear as dúdlik. Ik kaam yndied net foar it ABC, mar troch dy Boaiem dy't eartiids oanlein is kin de Letterfretter yn my no wer sa bliid as in bern genietsje fan har Nije lêsfoer.  

bottom of page