top of page

Hjoed...

Hjoed... Unicum It soe tafal wêze kinne, mar lit my by it begjin begjinne. Nei de kuier lake in iisko ús ek wol ta. Op it terras wie rûnom plak, mar nee...ik wurde as it ware lutsen nei it sinneplakje neist de Ijssalon wer at al in mefrou siet. Braaf frege ik at hja beswier makke at ik neist har sitten gie. Mei in freonlik gebaar makke se plak foar twa wêrtroch JB ek plak hie. Nei in moaiwaar praatsje frege ik, wizend op har rollator, at se miskien even in moaie kuier makke hie. Dat hie se seker. Mar se soe no drekt wer op hûs oan, beide noch net wittende dat wy in sekere ferbining mei mekoar ha. Ik sei op in gegeven momint dat ik út har tongfal opmakke dat hja ek fan dy kanten kaam. Mar dat siet wol even oars. De tongfal kaam yndied fan hjirre, mar har widze hie hiel ergens oars stien. "Ik kom nammentlik fan Garyp. Dat leit by Burgum. Ik wit net at jo der wolris fan heard ha" Ik seach har ferheard oan. Hearde ik dat goed?....Ja, dat hearde ik goed. En doe kamen dus de ferhalen wer at ik fol belangstelling nei lústere mei fan myn kant sa no en dan in fraach of opmerking. Blykt dizze mefrou eartiids mei har âlders yn it moaie café sliterij Unicum yn Garyp wenne te ha. Neist kastelein wie har heit ek drok yn it spier mei (draf)hynders. It wie in moaie tiid, mar doe't de crissisjierren fan de jierren 30 én in fan fraude fertochte notaris harren it der net makliker opmakken, giene se ferhûzjen nei De Jouwer. En wat hie se dat as famke fan seis jier freeslik fûn. No koe se net mear nei âlde Ljipkje mei de wite mûtse dy't har altyd sa leaf taspruts en oer de holle struts. Net mear nei Wierd en Sjoerdtsje. Op de nije skoalle wurde se pleage mei har Frjemde Taaltsje. Earst hie har mem mar wat begrutsjen mei har famke. Mar it duorre net lang of se wist yn de wâkdtaal fan har ôf te biten en drige dat se harren wol in wan op 'e bealch jaan soe at se har net mei rêst litte soenen. Sjoch, dat makke yndruk. Nei noch wat anekdoates oer it libben mei har man yn Langwar en oer har Gariper freondintsje Feikje Jeeninga ha wy ôfskie naam. Nee, de Nescafé op har rollator wie noch net betelle, mar dat kaam wol goed. Ik sei dat se mar oppasse moast dat se net oppakt waard foar Swartriden. Se neamde har namme en adres... Wy moasten marris delkomme. Ik sei krekt wat té wâldsk "Ik wit jo te finen" wêrop hja laitsjend sei "Ja, dat kin fansels twa kanten út !!" 

bottom of page