Untitled Hjoed... Oer de Grins Neidat ik nei Marum troch doarpke-nei-doarpke skootere wie liet ik de fertroude wrâld bytsje by bytsje achter my. Even tocht ik 'At it my slagget om hjoed wer thús te kommen, dan komme der mear thús' ...En ik tufte wer mei nocht fierder, genietsjend fan it lânskip en de wyn troch it hier. En der wie dan lang om let it doarp wer at ik wolris sjen woe. Earst by it tsjerkhôf in pitstop makke...even yn beweging en myn krintepofke opiten. In babbeltsje mei twa froulju dy't mei de hûntsjes oan de kuier wienen. Doe gelyks mar even frege at der ek in KofjeToko yn Grootegast wie. Dit wie net om nei hûs te skriuwen. Ik soe by de bakker kofje mei wat lekkers krije kinne, mar doe't ik dêr letter lânskaam tocht ik by mysels 'Amahoela, ik gean der net by de bakker op it stoepke sitten te Koekhappen. Dan noch mar in pear kilometers ekstra op de teller' En doe seach ik it park wer ik thús wat oer lêzen hie. De scooter moai by De Bieb delsetten en even in kuierke en wat foto's makke. Mei de hâlding fan 'Nee ha ik, ja kin ik krije' ha ik yn De Bieb frege at ik dêr in kopke kofje keapje koe. Dat wie gjin probleem...Ik mocht plaknimme oan de Stamtafel. Nergens net om, mar ik murk dat de Grinzer stamgasten even de tiid namen om de kat út de beam te sjen en De Lady In Black even gewurde lieten foardat ien fan harren frege at ik in moai scooterritsje oan it meitsjen wie. Klear...It iis wie brutsen. Wy koenen prate....Ik krige te hearren dat der net folle Friezen yn it doarp wennen, mar doe't ik letter bûten stie om my wer ta te rieden op de weromreis bleaun der in mynhear stean foar in praatsje. 'Gjin Friezen yn it doarp?' Moast net raarder...hysels wie in echte Fries en syn buorlju oan wjerskanten ek. Makket neat...De kofje smakke bêst en dat krige ik boppedat ek nochris fan it Hûs. Mynhear sei wizend nei myn scooter. 'Silst no oer de grutte dyk wer nei hûs?' Ik sei dat dit mar net moast en lei yn koarte tiid foar de safolste kear út dat myn ymposante twarsjiller dochs écht gjin motor is. Ik hie fan de stamgasten ferskate rûtes foar de weromreis krigen, mar ha keazen om fia Grinzer Pein te gean en der ha ik wier gjin spyt fan hân
Hjoed... Oer de Grins Neidat ik nei Marum troch doarpke-nei-doarpke skootere wie liet ik de fertroude wrâld bytsje by bytsje achter my. Even tocht ik 'At it my slagget om hjoed wer thús te kommen, dan komme der mear thús' ...En ik tufte wer mei nocht fierder, genietsjend fan it lânskip en de wyn troch it hier. En der wie dan lang om let it doarp wer at ik wolris sjen woe. Earst by it tsjerkhôf in pitstop makke...even yn beweging en myn krintepofke opiten. In babbeltsje mei twa froulju dy't mei de hûntsjes oan de kuier wienen. Doe gelyks mar even frege at der ek in KofjeToko yn Grootegast wie. Dit wie net om nei hûs te skriuwen. Ik soe by de bakker kofje mei wat lekkers krije kinne, mar doe't ik dêr letter lânskaam tocht ik by mysels 'Amahoela, ik gean der net by de bakker op it stoepke sitten te Koekhappen. Dan noch mar in pear kilometers ekstra op de teller' En doe seach ik it park wer ik thús wat oer lêzen hie. De scooter moai by De Bieb delsetten en even in kuierke en wat foto's makke. Mei de hâlding fan 'Nee ha ik, ja kin ik krije' ha ik yn De Bieb frege at ik dêr in kopke kofje keapje koe. Dat wie gjin probleem...Ik mocht plaknimme oan de Stamtafel. Nergens net om, mar ik murk dat de Grinzer stamgasten even de tiid namen om de kat út de beam te sjen en De Lady In Black even gewurde lieten foardat ien fan harren frege at ik in moai scooterritsje oan it meitsjen wie. Klear...It iis wie brutsen. Wy koenen prate....Ik krige te hearren dat der net folle Friezen yn it doarp wennen, mar doe't ik letter bûten stie om my wer ta te rieden op de weromreis bleaun der in mynhear stean foar in praatsje. 'Gjin Friezen yn it doarp?' Moast net raarder...hysels wie in echte Fries en syn buorlju oan wjerskanten ek. Makket neat...De kofje smakke bêst en dat krige ik boppedat ek nochris fan it Hûs. Mynhear sei wizend nei myn scooter. 'Silst no oer de grutte dyk wer nei hûs?' Ik sei dat dit mar net moast en lei yn koarte tiid foar de safolste kear út dat myn ymposante twarsjiller dochs écht gjin motor is. Ik hie fan de stamgasten ferskate rûtes foar de weromreis krigen, mar ha keazen om fia Grinzer Pein te gean en der ha ik wier gjin spyt fan hân