top of page

Hjoed...

Tima meer als prima ...

Ik woe him gewoan mei ha. Fierder hie ik der noch net oer neitocht. Dat soe him ûnderweis wol wize. Myn kofferke dy't yn syn libben net écht fier fan hūs west hat en neffens my ek net in Swier libben achter de rêch hat. Foar dizze échte 'Tima meer als prima' is eartiids yn de begjin fan de jierren fyftich troch myn âlders 2.75 delteld. No ha ik altyd al gek op taskes en koffers west en wie dan ek sa bliid as wat doe't ik dizze rûn myn achtste fan ús mem ha mocht. Doe't ik net lang dêrnei in kear in oare heit en mem ha woe omdat ik myn sin net krige pakte ik myn kofferke om fuort te gean. Op de trep foel it kofferke iepen en rôle it breidjern der út. Ik...dyt noch mar amper in pear stekken opsette koe naam tidens myn syktocht nei in nije heit en mem myn breidzjen mei. No, dat ha'k noch lang hearre moatten. Mar it kofferke hat ek mei west at ik útfanhûs gie nei myn omke en tante yn Speers doe't ik in jier as alve wie en as 'opstapke' op de bus set wie yn Ljouwert. De wei nei de Pleats wie lang, myn skonkjes koart en de koffer fielde grut. Letter hat hy nochris meiwest nei in skriuwfreondinne yn Emmen dy't ik kennen leard hie fia in opropke yn De Boerderij. Op myn 16e mocht hy meiferhûzje nei Ljouwert om in jier letter tsjinst te dwaan as Poppekofferke doe't ik fan ús mem himdsjes, truikes en navelbandjes krige dy't eartiids fan ússels west wiene. Doe bruts der in Rinteleas tiidrek oan, mar no mei hy op syn âlde dei myn boeken herbergje mei sa no en dan in lyts útstapke. Mar gjin noed, ik sil hoeden mei him omgean. #HandleWithCare 

bottom of page