Untitled

Hjoed... Skiednis en Linke einen. Op ‘e neimiddei woe ik noch even in frisse noas helje en dit kombinearje troch mei de Nikon by it wurk fan de houtkeunstner Rolf Doderlein de Win te sjen. Dit hie ik de ôfrûne wike al twa kear earder besjoen. Ik seach ‘farske spoaren’ fan de keunstner. Neffens my wie syn seage noch waarm. Ik ha myn fyts delsetten en rekke al gau yn petear mei in oare bewûnderer. Hy fertelde my dat ik yndied krekt wat earder komme moatten hie om ‘de keunstner himsels’ te moetsjen. Wy praten fleurich fierder wylst ik wat foto’s makke. Dizze mynhear joech my dêr yn de motrein in stikje skiednis mei wer ik wol in ‘wiet pak’ foar oprinne woe. Ik hie my wolris ôffrege werom at op dit stikje grûn nea boud waard en wer at dy namme Spahr van der Hoek dochs weikaam. No wit ik dat der eartiids (1858-1968) in learloaierij stien hat en dat er troch de famylje fêstlein is dat dit stikje grûn ûnoantaast bliuwe moat. Oant safier je der fan sprekke kinne at je je betinke wat der eartiids yn de boaiem ferdwûn is yn de tiid dat de loaierij folop yn bedriuw wie. De Dútse famylje Spahr hat letter sels Van der Hoek oan harren efternamme taheakke. Kwa lokaasje wol wat foar de hân lizzend liket my. Omdat ik no it ‘wurkproses’ fan de keunstner -mei myn kamera- folgje wol hat dizze omwenner my oanbean my telefonysk yn te seinen wannear hy de Win wer mei syn seage dwaande sjocht. Doe yn de skimerjûn ek noch sawat twa einen ûnder de fyts. Dizze froulju stutsen op harren ‘gemakkie’ de dyk oer. Blykber hienen beide even gesellich bypraat en it letter makke as ôfsprutsen en ferjitten harren ‘reflecterende’ reinjaskes mei te nimmen. #NikonD700 #manuel #Drachten #RolfDoderleindeWin #Houtkeunstner  

This site was designed with the
.com
website builder. Create your website today.
Start Now